CD-rom om Frysk te learen

04 jul 2000 - 10:35

Foar minsken dy't Frysk leare wolle komt der in cd-rom op 'e merk. De cd-rom mei de titel 'Fries voor Hollanders' wurdt woansdei presintearre yn Ljouwert.

Mei de cd-rom kinne belangstellenden op eigen manneboet it Frysk yn 'e macht krije. De cd wurdt útjûn troch Bruna en is makke troch Addo Stuur en Jan van Dorp. Bruna fynt Simmer 2000 in gaadlik momint om de cd yn de ferkeap te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)