Brân troch koartsluting

04 jul 2000 - 10:06

Koartsluting hat snein ta twa brannen laat. Yn Bakkefean wie dat op in camping. De brân ûntstie troch in stikkene waskmasine. De brânwacht fan Ureterp hat it fjoer útmakke. De skea wurdt rûsd op inkelde tûzenen gûnen.

In trafo fan in halogeenlampe wie yn Fryske Peallen de kweadogger. De lampe stie op 'e souder. De bewenners hawwe it fjoer foar in grut part sels dwêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)