Karavandieven naaie út

01 jul 2000 - 18:09

De plysje is tongersdei op de dyk fan Ljouwert nei Harns twa karavandieven kwytrekke. Yn Ljouwert seagen in pear plysjes in auto mei in karavan riden, dêr't it ferkearde kenteken op siet.

Op de provinsjale dyk waard de auto oan de kant set en de twa ynsittenden naaiden rinnende út. De karavan, sa die bliken,wie stellen fan in terrein op yndustryterrein De Himrik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)