Surhuzum wol eigen doarpshûs

© Omrop Fryslân
Yn Surhuzum is gjin draachflak foar in multyfunksjoneel sintrum tegearre mei Stynsgea. Achtkarspelen kaam okkerdeis mei dat útstel om't de sportseal fan Stynsgea oan in opknapbeurt ta is en de beide doarpen ien pjutteboartersplak hawwe. Dy is ek yn Stynsgea.
Surhuzum hat lykwols al 550.000 gûne klear lizzen foar in eigen doarpshûs en hâldt dêrom fêst oan dy winsk.