18 jier easke yn saak-Tingen

© Omrop Fryslân
Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tongersdei achttjin jier sel easke tsjin Angelique van E. Justysje achtet har skuldich oan 'e moard op de poppe Risanne Tingen (1).
Neffens justysje hat Van E. tsjin oaren dingen oer de saak ferteld dy't inkeld de dieder witte kin. Advokaat Anker seit dat der net genôch bewiis is. Der soene nammentlik gjin DNA-spoaren en fingerprinten wêze.