Net bliid mei opmerking Nijpels

© Omrop Fryslân
Boargemaster Van Beukering fan Skylge is ûngelokkich mei Nijpels syn opmerking dat eilanner boargemasters nei seis jier fuort moatte. De kommissaris sei dat by de behanneling fan 'e profylskets foar It Amelân.
Van Beukering is ferline wike oan har tredde amtsperioade begûn. Neffens har moat de gemeenterie bepale oft in boargemaster al of net bliuwe mei.