Wurkstraf foar mishanneling

© Omrop Fryslân
Yn de saak fan de mishanneling fan in tal bewenners fan Nij Mellens binne tongersdei in wurkstraf en boetes oplein. In ferpleger krige 100 oeren wurkstraf. Twa fersoarchsters krigen in boete fan 1500 en 1000 gûne.
Fan de boetes is de helte op betingst. De mishanneling yn Nij Mellens kaam yn oktober ferline jier oan it ljocht. De meiwurkers binne yntusken ûntslein.