Slachtebrêge offisjeel iepene

29 jun 2000 - 16:54

De Slachtebrêge by Wommels is woansdei offisjeel iepene. De brêge dy't oanlein is foar de Slachtemaraton hat de namme De Nije Kromme krigen. Mei muzyk en in sportende deputearre Heldoorn waard de brêge yn gebrûk nommen.

Kommissaris Nijpels hie de ear de namme bekend te meitsjen. Betinker fan de namme is Feikje Gerlofs fan Wommels. De sjuery wie gau út de rie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)