Gjin nije sporthal op Skylge

29 jun 2000 - 16:20

Der komt foarearst gjin nije sporthal op Skylge. Neffens de riedskommisje, dy't der tiisdei oer praat hat, is in nije hal de earste 3 jier noch net nedich. Earst sille de mooglikheden ûndersocht wurde foar in kombinaasje mei it swimbad in sporthotel en in fitnessintrum.

De riedsleden wolle earst seker witte oft in nije sporthal út kin. Foarearst wurdt de âlde sporthal yn West opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)