Miskien dochs azc yn Berltsum

© Omrop Fryslân
It COA besiket dochs in azc te festigjen yn Berltsum. De gemeente Menameradiel hat it COA al twa kear frege de ûnderhannelings oer oankeap fan grûn oan de Biltdyk stop te setten.
It COA ûntkent dat der in kontrakt is mei de eigner, mar pleatslik belang is dêr net gerêst op. Neffens wethâlder Osinga leit der al in prinsipe-oerienkomst oer ferhier of ferkeap fan grûn.