Ynformaasje oer munysjedepots

28 jun 2000 - 14:43

It ministearje fan definsje hat de gemeenten Ljouwert, Menameradiel en Flylân ferteld oer de munysjedepots by har yn de gemeente. Dat nei oanlieding fan de fjoerwurkramp yn Enschede.

It giet om ynformaasje oer plakken dêr't munysje opslein leit en hoefolle. De bunkers lizze by de fleanbasis Ljouwert en de Vliehors. De gemeenten is frege om de ynformaasje net te fersprieden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)