Lampekap wurdt te plak set

28 jun 2000 - 12:18

De lampekap oer de wettertoer fan Akkrum moat woansdeitejûn wer rjocht hingje. Woansdei soe besocht wurde de kap fan de wettertoer ôf te heljen foar reparaasje, mar de moarns waaide it te hurd.

Dêrnei waard besocht de lampekap te "skoaren". Dat wol sizze dat er mei stielkabels te plakholden wurdt. As dat net slagget, moat de kap op in wynstille dei dochs demontearre wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)