Ekstra fraach nei klompen

© Omrop Fryslân
By de klompmakkerij fan Scherjon yn Noardburgum is it op 't heden topdrokte. Omdat de klompen troch de oanpaste Arbowetjouwing wer brûkt wurde meie, is de fraach mei 30 prosint tanommen.
Direkteur Eelke Scherjon ferwachtet ek noch ekstra drokte troch Simmer 2000. De winterfoarried wurdt al hurd minder. Krekt as is de klomp troch it oanpassen fan de Arbo-wet op 'e nij ûntdutsen.