Ald-wethâlder De Jong ferstoarn

© Omrop Fryslân
Ald-wethâlder Peter de Jong fan Ljouwert is sneintenacht ferstoarn. Tsien jier wie er riedslid foar D66 en fjouwer jier wethâlder fan sosjale saken. Boppedat wie De Jong direkteur fan it asylsikerssintrum yn Drachten. Troch in fúzje soene de sintra yn Kollum en Burgum ek ûnder syn bewâld komme.
De Jong is 45 jier âld wurden. Hy lit in frou en trije bern nei.