250 is maksimum foar AZC

© Omrop Fryslân
B en W fan Lemsterlân hâlde fêst oan in AZC mei net mear as 250 ynwenners. Dêrmei is it foarstel fan it COA fan tafel. Dy ynstânsje woe it tal plakken by de noch te bouwen AZC's yn Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat mei fyftich útwreidzje.
In jier nei de iepening moat der in evaluaasje komme, ek mei omwenjenden. Op grûn dêrfan is útwreiding mooglik, sa binne B en W fan betinken.