Fryske Gea pript aaien troch

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan It Fryske Gea prippe yn de Alde Feanen de aaien fan de Egyptyske nylgoes troch. Dat dogge se om de populaasje te beheinen.
De eksoatyske fûgel heart net thús yn 'e Fryske greiden. Boppedat is er agressyf tsjin ynhiemske greidfûgels en easket er in soad plak op. Ien en oar liedt ta minder briedplakken foar de oare fûgels en sadwaande ek minder neiteam.