Grutte winst foar De Friesland

27 jun 2000 - 10:29

Soarchfersekerder De Friesland hat foarich jier 39 miljoen gûne winst makke. It jild sil brûkt wurde foar soarchprojekten yn Fryslân, bygelyks in cd-rom foar kankerpasjinten.

Foar âlderen is in soarch- en servicepakket foar selsstannich wenjen ûntwikkele. Fierders helpt De Friesland mei by de opset fan in sûnensbûlevaar by it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)