Minder hurd op Betonwei

© Omrop Fryslân
Automobilisten kinne sûnt ferline wike minder hurd ride op 'e Betonwei. De minne steat fan de dyk tusken Surhústerfean en De Rottefalle is in gefaar foar ferkearsdielnimmers. De provinsje bringt de faasje werom nei 60 kilometer per oere.
Grut ûnderhâld oan de dyk stiet net op de aginda fan de provinsje om't der plannen binne foar de oanlis fan in nije dyk yn 2003.