Soad klachten oer gemeente
De kommisje berop en beswier fan 'e gemeente Tytsjersteradiel hat ferline jier mear klachten as ea behannele. Mei-inoar krige it ûnôfhinklike orgaan 76 brieven.
Oer de lêste fjouwer jier is it tal klachten mei 15 prosint tanommen. Benammen de gemeentlike boetes foar minsken mei in útkearing waarden faak as ûnterjochte ûnderfûn.