Tinga's winne heale triatlon

© Omrop Fryslân
Tiedo en syn frou Yvonna Tinga hawwe op de heale triatlon yn Grins elk in earste priis wûn. Tiedo sette al fytsend syn achterstân by it swimmen om yn in foarsprong. Op it ûnderdiel hurdrinnen makke er it ôf. Hy wie ien minút en acht sekonden hurder as de nûmer 2.
Yvonna finishte mei deselde foarsprong op de twadde frou. Westereinder Peter Sikma waard eerste by de junioaren.