Mear oanhâldings rellen Cambuur

26 jun 2000 - 00:00

De plysje hat nei oanlieding fan de rellen nei ôfrin fan Cambuur-Excelsior fan 30 maaie, de lêste wiken 13 minsken oanholden. Earder wiene al fjouwer minsken oppakt. Alle fertochten komme út Ljouwert en binne 15 oant 23 jier. Nei ferhoar binne se frijlitten.

Mei de oanhâldings is noch gjin ein kaam oan it ûndersyk nei de rellen. De plysje is noch dwaande om de ynsidinten fierder te ûndersykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)