Reduzum 'doarp fan kampioenen'

25 jun 2000 - 19:54

Yn Reduzum wie it dit wykein grut feest. It jongespartoer Alle Jan Anema, Jappy Toering en Jelmer Haga hie yn Menaam de bûnspartij foar skoaljonges wûn.

Mar it doarp hat noch mear kampioenen. Yn Zeist waard groep 5/6 fan 'e Trije Doarpenskoalle Nederlânsk kampioen skoalkuorbaljen. Op it NK gie noch in Fryske ploech mei in beker nei hûs: groep 7/8 fan De Klaer út De Hoeve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)