Beskuldiging fan sjantaazje
Ynternist Roding fan it Antoniussikehûs yn Snits hat in klacht yntsjinne tsjin mr. Verkruisen fan Assen. Hy soe sikehûsdirekteur Detmers ûnder druk set hawwe om ta ûntslach oer te gean.
Verkruisen hat in frou ferdigene dy't de yntenist fan seksueel misbrûk beskuldige. Roding is dêrfoar al ta in boete feroardiele. Hy lei de 'sjantaazje' no foar oan in kommisje.