Karriêre wûnderhynder Totilas liket foarby te wêzen

15 aug 2015 - 16:04

It Fryske wûnderhynder Totilas liket oan 'e ein fan syn topsportkarriêre. Totilas is in dressuerhynder dat fokt is yn Broeksterwâld troch Jan en Anna Schuil. Mei ruter Edward Gal wûn it hynder hast alle titels dy't der te winnen binne, mar yn 2010 waard Totilas ferkocht en kaam de Dútske ruter Matthias Rath op him te riden. Dêrnei rekke de loopbaan fan Totilas yn it slop.

Undersyk hat útwiisd dat it 15-jierrige hynder in ûntstekking oan de bonken hat. Neffens trainer Sjef Janssen is de karriêre fan it hynder nei alle gedachten foarby.

Troch de ûntstekking is it hynder fjouwer oant fiif moanne útskeakele. Totilas wie yn 2009 winner op it EK-dressuer en wûn it jier derop ek it wrâldkampioenskip. De kroan op syn wurk moast in gouden plak op de Olympyske Spelen yn Londen wurde yn 2012. Dat slagge net, omdat ruter Matthias Rath doe siik waard. It fizier wie no rjochte op de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio, mar dat liket dus ek net te slagjen troch de ûntstekking. Jan Schuil seach Totilas blesseard rinnen op it EK-dressuer dat op dit stuit yn Aken oan de gong is. Hy fûn it in ferskriklik gesicht.

Dressuerhynders moatte yn de dressuersport mei pensioen as se 19 jier binne en de top fan de hynders leit oer it algemien op 12-jierrige leeftiid. Totilas is dus al wat âlder. Nettsjinsteande de blessuere hopet Jan Schuil dochs dat Totilas meidwaan kin oan de Olympyske Spelen yn Rio.

Trefwurden: 
hynder Broeksterwâld Totilas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)