SS-pas nei museum

21 okt 2011 - 20:11

De soldatepas fan in SS-bewaker, dy't freedtejûn yn Feilinghûs Ald Fryslân te keap oanbean waard, is troch it feilinghûs sels oankocht. It hat der 550 euro foar betelle. De pas is sneon oanbean oan it Fersetsmuseum yn Ljouwert. Dêr is it in skoft te sjen. De pas leit by de ynformaasje oer de Boalserter pater Titus Brandsma, dy't yn Dachau om it libben kaam is.

Uteinlik giet de pas nei it museum yn it konsintraasjekamp Dachau, dêr't de SS-er bewaker wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)