47 Kear útkearing kwyt

19 feb 2013 - 09:55
  • jild

Yn Fryslân binne ferline jier 47 minsken harren útkearing kwytrekke, omdat se trappearre waarden op fraude. Dat docht bliken út de jiersifers fan de sosjale resjerzje fan Fryslân oer 2012. Dy sosjale resjerzje is in gearwurkingsferbân fan alle Fryske gemeenten, en trije gemeenten yn Grinslân en Drinte.

De tsjinst docht ûndersyk nei swart wurkjen en saken dy't ferkeard opjûn binne. Mei-inoar waard foar 1,6 miljoen oan fraude opspoard en weromeaske. Dat is 3 ton mear as yn 2011, mar minder as yn it rekôrjier 2010.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)