In 4,7 foar Hajé De Jouwer

12 aug 2010 - 17:03

It weirestaurant Hajé op 'e Jouwer docht it net sa goed yn in test ûnder leden fan de ANWB. It restaurant krijt in 4,7 foar harren iten en service. Hjirmei stiet it restaurant op in 18e plak. Neffens de ANWB soe de griente gjin smaak ha en binne der grutte ferskillen yn de betsjinning.

Der binne yn totaal 26 weirestaurants troch de ANWB beoardield. It Tulip Inn by Aachen Airport yn Maastricht komt mei in 7,9 as bêste út de bus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)