46 oanhâldings op hardcore-feest

25 apr 2005 - 12:17

De plysje hat fan it wykein 46 minsken oanhâlden op it dancefeest Masters of Hardcore yn Thialf, Hearrenfean. De besikers waarden oanhâlden om't se yn it besit wiene fan drugs, lykas xtc en ghb. De fertochten binne oerbrocht nei it buro, dêr't se in boete of in dagvaarding krigen.

De plysje hie 134 man ynset om it feest yn de gaten te hâlden. It slagge dit jier om it ferkear goed trochstreame te litten. Der wiene 15.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)