Hout nei Skylge foar de kachel

05 mrt 2012 - 13:02

In grutte partij dinnehout fan Skylge giet op dit stuit rjochting de fêste wâl. Deselde frachtauto's bringe ek wer hout nei it eilân ta. De frachtauto's hawwe sa hinne en werom fracht. Alle hout komt út de bosken fan Steatsboskbehear.

It hout dat nei Skylge ta giet komt út Drinte en is bestimd foar de houtkachels fan de eilânbewenners. De belangstelling op Skylge foar it kachelhout wie folle grutter as dat Steatsboskbehear leverje koe. Steatsboskbehear is ien fan de grutste houtprodusinten fan ús lân.

Trefwurden: 
hout kachel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)