Fraachtekens by Rhinofirus

05 mrt 2012 - 12:21

Bistedokter Marco de Bruijn fan de bisteklinyk yn Wolvegea set fraachtekens by de lanlike maatregels tsjin de gefolgen fan it Rhinofirus by hynders. Omdat bûten it noarden fan Nederlân no in tal gefallen binne, wurdt frege wedstriden net troch gean te litten en it ferfier fan hynders te beheinen. Yn it slimste gefal kinne hynders troch de sykte ferlamme reitsje en stjerre.

It giet om in fariant fan in firus dat eins yn de hiele populaasje hynders sit. Wêrom't it by it iene hynder wol de kop op stekt en it oare net is in riedsel.

Gewoanwei is it genôch om yn in sirkel om in troffen stâl gjin hynders te ferfieren en de stâl sels te ûntsmetten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)