45-km auto rydt Waadsee yn

27 mrt 2013 - 12:06
  • Plysje-embleem

Yn de haven fan It Amelân is tiisdeitemiddei in 45-kilometer auto yn it wetter telâne kaam. De eigeneresse fan de auto wie nei de steger riden om te sjen nei in aksje fan de traumahely. De frou hie de hânrem net goed oanlutsen.

Neidat se útstapt wie ried it autootsje fan de steger ôf de Waadsee yn. In dûker en in bergingsbedriuw binne ynsetten om de auto wer op it droege te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)