45-km-auto omsmiten op De Lemmer

15 feb 2015 - 16:28

Op De Lemmer is in 45 kilometer-auto op syn kant set troch ûnbekenden. Dat meldt de plysje Snits snein op twitter. De auto stie yn de Parkstrjitte. Der is ûnder oare skea oan de spegels. Minsken dy't witte wa't de dieders binne, kinne harren melde by de plysje op telefoannûmer 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)