45 Brânstofsellen yn gebrûk naam op It Amelân

19 des 2014 - 10:09
  • Brânstofsel

Bewenners fan It Amelân kinne tenei enerzjy opwekke mei harren eigen brânstofsellen. Dy sellen sette wetterstof om yn enerzjy. Yn totaal binne der 45 fan dizze brânstofsellen pleatst, ferspraat oer it eilân. Al mei al moatte dy sellen genôch enerzjy opwekke foar sa'n 180 húshâldens.

By it opwekken fan de enerzjy komt mar in lyts bytsje CO2 frij en dêrmei is it in tige skjinne enerzjybron. It Amelân wol úteinlik alle enerzjy dy't brûkt wurdt op it eilân sels opwekke. Dit is dêrfoar in wichtige stap, sa tinkt de gemeente.

Ien fan de dielnimmers fan it projekt is de Amelanner Bierbrouwerij, dy't mei de brânstofsel de enerzjyrekken flink omleech bringe wolle. Hege stookkosten en in fikse enerzjyrekken. Dat binne de neidielen fan it hawwen fan bierbrouwen as hobby. By de Amelanner Bierbrouwerij witte se dêr alles fan. Mar dy enerzjykosten gean fan freed ôf flink nei ûnderen. De bierbrouwerij hat ien fan de 45 brânstofsellen fan de gemeente krigen. Mei dy brânstofsellen wurdt gas op in miljeufreonlike wize omsetten yn elektrisiteit. It giet om in proef, dy't der úteinlik foar soargje moat dat Amelân enerzjyneutraal wurdt. Eva Visser fan de Amelanner Bierbrouwerij hat it apparaat noch mar ien dei yn hûs, mar is der no al wiis mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)