Jild foar spesjaal GGZ-projekt

GGZ © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
De GGZ Fryslân hat 3,5 ton subsydzje krigen foar in selsmoard-previnsjeprojekt. It projekt ûndersiket it effekt fan de trainingen fan bygelyks plysjeminsken. Dy leare op sokke trainingen hoe't se sinjalen fan suïsidaal gedrach werkenne kinne.
It betiid sinjalearjen fan gedrach is in belangryk aspekt fan in goede behanneling. Suïsidaal gedrach waard earder faak sjoen as ûnderdiel fan depressiviteit, mar no folle mear as in probleem op himsels.