ONS oerwaget nammeferoaring

05 mrt 2012 - 10:08

ONS Snits oerwaget syn namme te feroarjen. De klup krijt mei BOSO in nije haadsponsor en dy namme soe yn de klupnamme in plak krije moatte. Neffens ONS-foarsitter Harm de Wagt is it belangryk dat de nije haadsponsor in promininte rol krijt: "As wy op dit nivo meidraaie wolle, dan is dizze stap hurd nedich." ONS spilet no yn de sneonshaadklasse. Snits Wyt Swart spilet yn de sneinshaadklasse en wurdt ek sponsore troch BOSO.

Kommende freed meie de leden stimme oer de nije namme.

Der gean fiergeande ferhalen dat beide earste alvetallen yn de takomst fierder sille as ien ploech.

Trefwurden: 
Snits ONS BOSO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)