Ynbraak yn fytsesaak De Jouwer

05 mrt 2012 - 07:53

De plysje siket nei twa fertochten fan in ynbraak yn in fytsesaak oan de Tolhúswei op De Jouwer. In meiwurker fan de fytsesaak hie in ynbraakmelding krigen en doe't er by de saak kaam, seach er dat der 20 fytsen stellen wiene.

De plysje seach in oere letter in bestelbus mei hege snelheid en in stikken achterljocht riden op de A6. Doe't se de auto oanhâlde woene sloech dy ôf yn de rjochting fan Sint Nyk en dêrnei rjochting Follegea. Op in stopteken fan de plysje setten de manlju de bus oan de kant, stapten út en fleagen de greiden yn.

Yn de bestelbus fûn de plysje de 20 stellen fytsen. Dúdlik waard dat de bus ek stellen wie. De fertochten binne noch net pakt. It persoaniel fan de fytsewinkel is bot skrokken fan de ynbraak.

Trefwurden: 
ynbraak De Jouwer fytsesaak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)