CAO-konflikt by plysje: aksjes

05 mrt 2012 - 07:38
  • Plysjemotor

De plysje skriuwt gjin bonnen mear foar lichte oertredings as der moandeitemiddei om 12 oere net foldien is oan de CAO-easken. Ferline wike rûnen de ûnderhannelings foar de nije CAO fêst. Minister Opstelten krige doe in ultimatum oplein om foar moandei tolve oere te reagearjen. De problemen lizze benammen by de leaneasken en it betide pensjoen.

Moandei tolve oere moat dúdlik wêze oft der echt aksjes noadich binne om de minister yn beweging te krijen. As der aksjes komme, begjinne dy yn de regio Utrecht en komt der alle dagen in regio by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)