VC Snits wint mei oermacht

04 mrt 2012 - 15:01

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn oerstjûgjend mei 3-0 wûn fan Taurus. Yn eigen hûs begûnen de Snitser froulju sterk oan de wedstriid. De earste set waard mei oermacht pakt. Ek yn de twadde set kaam de ploech fan coach Petra Groenland gjin momint yn de problemen. De froulju makken yn de tredde set ynfâldich dien wurk. Setstannen: 25-16, 25-20 en 25-18.

De Snitser froulju steane no op in fyfde plak, mei 24 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)