Winkelman bekûgele mei fleskes

04 mrt 2012 - 14:56

De plysje hat sneon twa Ljouwerters fan 34 en 26 jier oanholden foar iepenlik geweld. In 37-jierrige winkelman út Ljouwert brocht op bestelling in krat bier by in hûs oan de Hollanderdyk. De bewenner hie net genôch jild om de bestelling te beteljen. Hy woe dat de winkelman in krat mei lege fleskes foar it noch ferskuldige bedrach meinaam. Dy gie dêr net mei akkoart en waard doe oanfallen.

It slachtoffer koe ûntkomme, mar trije manlju út it hûs achterfolgen him nei syn auto. Yn de auto hearden hy en syn passazjier inkele knallen.

De fertochten skopten tsjin de auto en bekûgelen dy mei lege bierfleskes. De winkelman die oanjefte en de plysje koe op it oanbelangjende adres de beide Ljouwerters oanhâlde. Nei de tredde man wurdt noch ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)