Wüst 2e, Leenstra 3e op 1000 m

04 mrt 2012 - 14:52

Ireen Wüst is sneintemiddei twadde wurden op de 1000 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Wüst ried in tiid fan 1.16.48 en wie dêrmei net opwoeksen tsjin de Amerikaanse Heather Richardson, dy't in winnende tiid klokte fan 1.15.82. Wüst hie hope op har trettjinde wrâldbekeroerwinning, wêrmei't se op likense hichte komme soe mei nasjonaal rekôrhâldster Marianne Timmer.

Marrit Leenstra út Wikel waard tredde mei in tiid fan 1.16.54. Margot Boer fan Goaiïngaryp einige krekt njonken it poadium op plak fjouwer mei 1.16.55.

Yn it wrâldbekerklassemint giet de Kanadese Christine Nesbitt noch altyd oan de lieding. Op it twadde plak stiet Leenstra, folge troch Richardson. Ireen Wüst stiet fjirde, Margot Boer fyfde. Wüst is no wis fan de 1000 meter op it WK ôfstannen, Leenstra en Boer moatte der takom wykein yn Berlyn noch om stride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)