Fernielings oan 14 auto's

04 mrt 2012 - 14:23

Yn Aldwâld en Kollum binne sneontemoarn betiid meielkoar 14 auto's skansearre. Op in bedriuweterrein oan de Foarwei yn Aldwâld binne by fiif auto's út it djoerdere segmint krassen op de motorkap oanbrocht. De 46-jierige bedriuwseigner hat oanjefte dien.

Doe't plysjes kamen om de oanjefte op te nimmen, waarden se troch mear auto-eigners oansprutsen. Sa wiene yn in sydstrjitte, de Jan Binneswei, ek fjouwer auto's mei wat skerps bekrast. Dêr kamen noch ris fiif meldings by fan skansearre auto's dy't parkeard stiene op de Anjen yn Kollum.

De skea rint yn de tûzenen euro's. Alle eigners hawwe oanjefte dien. De plysje siket tsjûgen. Dat kin op 0900-8844 of anonym op 0800-7000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)