Mannen mei nepwapens oppakt

04 mrt 2012 - 13:46
  • Pistoal

De plysje hat sneontemiddei yn Aldemardum fjouwer Boalserters fan 14, 18, 21 en 25 jier oanholden foar wapenbesit. In tsjûge hie sjoen dat de jonges omtrint 15.30 oere yn kamûflaazjeklean in bosk oan de Stiendollen yngiene en dat se wapens by har hiene. Hy fertroude it net en belle 1-1-2.

De plysje koe neat fine yn de bosk en hold dêrnei de auto fan de jonges yn de gaten. Dy kamen nei inkele oeren wer by de auto en de plysje koe se op de Sminkewei oan 'e kant sette.

Om't net wis wie oft it om gefaarlike persoanen gie, waarden se ien foar ien de auto útpraat en oanholden, de saneamde útpraatproseduere. Yn de achterbak fan de auto leine imitaasjewapens dy't hast net fan echt te ûnderskieden wiene, en in hangranaat dy't mooglik ek nep wie. De trije mearderjierrige manlju binne ynsletten, de 14-jierrige jonge mocht snein wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)