Cambuur: Hjir en dêr wat pine

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur trainer Alfons Arts moat noch wat puzzelje om de opstelling fan syn ploech foar de wedstriid tsjin FC Dordrecht rûn te krijen. "Hier en daar wat kleine pijntjes" sa sei de Cambuur trainer. Mark de Vries, Jasar Takak en Oguzhan Türk makken de training snein net ôf. Sy kinne lykwols alle trije wol in part fan de wedstriid spylje.
Sandor van der Heide spilet net. Hy is siik. Mohammed el Makrini is werom nei in skorsing. Hy begjint moandei nei alle gedachten yn de basis. Erik Bakker en Vincent Weijl binne beide noch altyd net ynsetber.