Brân op boat op Snitsermar: gjin ferwûnen

15 aug 2015 - 12:10

De brânwacht hat sneontemoarn op de Snitsermar by Terherne in brân op in kruser blust. Der waarden twa blusboaten ynsetten. De opfarrenden koene op tiid fan de boat komme en rekken net ferwûne.

De brân ûntstie yn it sliepfertrek op de boat, oer de oarsaak is noch neat bekend. De kruser is nei in haven sleept.

Trefwurden: 
brân Terherne Snitsermar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)