Frjentsjerter stelt hûn yn Ljouwert

15 aug 2015 - 12:00

In 58-jierrige man út Frjentsjer is freedtejûn net fier kaam nei't er yn Ljouwert in hûn stellen hie. De hûn, in American Stafford, stie by in supermerk oan de Van Loonstraat. Fia Burgernet waard in sinjalemint fan de fertochte ferspraat. In pear oeren letter waard de man sjoen op de Mr. P.J.Troelstraweg. De plysje hat de man oanhâlden en sil him hearre. De hûn is nei de eigener brocht.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje stellerij hûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)