Fytser yn Sondel swier ferwûne nei botsing mei frachtwein

15 aug 2015 - 11:38

Yn Sondel is sneontemoarn op de Leijen in fytser oanriden troch in frachtauto. De fytser rekke swier ferwûne. De traumahelikopter is der om it slachtoffer sa gau mooglik nei it sikehûs te bringen.

De man soe mei in groepke in rûntsje Iselmar oan it fytsen wêze. Se soene fan it fytspaad ôfgien wêze om't se it paad te smel fûnen en rieden fierder op de grutte dyk. Doe't de frachtauto harren yn 'e mjitte kaam, giene se rjochting de berm. It slachtoffer soe yn in richel rekke wêze, fallen en ûnder of tsjin de frachtauto kommen wêze.

De tadracht fan it ûngelok wurdt ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)