Reünisten socht foar jubilearjende Waadferiening

15 aug 2015 - 11:30

De Waadferiening bestiet yn septimber 50 jier en dat wurdt fierd mei in reüny. Yn De Telegraaf, Ljouwerter Krante en it Deiblêd fan it Noarden stiet sneon in oprop fan oprjochter Kees Wevers om har op te jaan.

Fyftich jier lyn wie hy ek dejinge dy't minsken oprôp om yn aksje te kommen tsjin de plannen om in daam nei It Amelân oan te lizzen. Dat wie úteinlik it begjin fan de Waadferiening. It waadgebiet stiet op de list fan Unesco, mar dat is gjin garânsje dat it Waad gjin gefaar mear rint.

As der net goed op it gebiet past wurdt, kin it ek wer fan dy list ôfhelle wurde. De oprop jildt foar minsken dy't har ynset ha foar dy Waadferiening. De reüny is op 12 en 13 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)