Taksys helje oantal bern noch fan hûs yn De Fryske Marren

15 aug 2015 - 11:00
  • Taksy Oenema

In oantal bern mei in beheining yn de gemeente De Fryske Marren wurde de kommende tiid gewoan fan hûs helle om nei skoalle te gean. De gemeente woe dat se nei in opstapplak gean soene om dêr yn it buske te stappen. De âlden binne mei de polityk yn aksje kommen om dat plan te kearen en dat hat súkses hân. De gemeente hat mei in pear âlders no ôfpraten dat harren bern foarearst noch fan hús helle wurde.

Neffens de âlders kinne harren bern perfoarst net by dy sintrale plakken opstappe.

Alle oare bern út de gemeente moatte wol nei de sintrale opstapplakken gean. De âlden wolle noch wol in meldpunt oprjochtsje, omdat se witte wolle oft der mear âlders binne dy't beswier hawwe tsjin it nije systeem. Neffens de gemeente is it grutte foardiel fan it nije systeem dat de reistiid foar de bern in stik koarter wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)