Soad minsken ferwachte by Dokkumer Admiraliteitsdagen

15 aug 2015 - 10:16

Op de Dokkumer Admiraliteitsdagen wurde tsientûzenen minsken ferwachte. De Admiraliteitsdagen binne fan tongersdei 3 septimber oant en mei snein 6 septimber. Op it programma steane bekende ûnderdielen lykas de muzikale iepening op de Syl op tongersdeitejûn, mar ek nije ûnderdielen lykas it grêftswimmen om de bolwurken hinne. Ek kin in helikopterflecht makke wurde boppe de stêd.

De Admiraliteitsdagen binne fuortkommen út it eardere preamkesilen, de dei fan de toerist en Fryslân Vaart.

Trefwurden: 
Dokkum admiraliteitsdagen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)