Jonge knapen mei auto te wetter yn Drachten

15 aug 2015 - 07:12

Twa jonges binne freedtejûn mei harren auto yn it wetter telâne kaam oan de Jansenlaan yn Drachten. De jonge bestjoerder hie noch noait yn in automaat riden. Troch ûnkunde rekken se mei de auto yn it wetter. Beide koene der op eigen krêft útkomme. In bergingsbedriuw hat de auto derút takele.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)